Voor de Friezen onder ons: Jild (geld) foar monuminten

OmropFryslan — 1 april 2010 — Foar de restauraasje fan seis Fryske tsjerken, it Ljouwerter Hof en de Oranjerie yn Oranjewâld komt goed twa miljoen euro beskikber. De tsjerken yn Wier en Kimswert krije beide goed seis ton. Wier en it Ljouwerter Hof wienen yn 2007 yn de race foar it miljoen fan de AVRO Bankgiro Loterij, mar dat jild gie nei in mole yn Binnenmaas.

Dizze kear wurdt it jild beskikber steld troch it Ryk en de provinsje, dy’t dêrmei in ympuls jaan wolle oan de wurkgelegenheid yn de provinsje. De restauraasjekosten van Wier wurde begrutte op 8 ton. It wurk moat yn 2012 klear wêze.